harmonie
 
 
 
 

Harmonie orkest

Het harmonieorkest staat onder leiding van dirigente Nynke Jaarsma en telt op dit moment ongeveer 47 leden. De repetitie is op maandagavond van 19:30 tot 21:30 uur in "MFC Maggenheim" in de Klipperstraat te Makkum.

Home Harmonie Nieuws Jitske en Hallelujah
Jitske en Hallelujah
Geschreven door Aart Postma   
maandag, 03 oktober 2011 09:33

alt NB De memorial site voor Jitske van Binsbergen-Brouwer zal over enige tijd afgesloten worden. Hieronder een kopie van het stukje van Sjirk over Jitske en haar tijd bij Hallelujah die geplaatst is op deze memorialsite. Er zijn nog diverse (oud) hallelujah leden en hallelujah supporters die haar gekend hebben.

Fan de site: Herinneringen aan Jitske van Binsbergen-Brouwer http://nl.respectance.com/Jitske/memorial/

By de muzykferiening Hallelujah Makkum kaam it nijs fan Jitske Brouwer har ferstjerren hurd oan. Sûnt Jitske net mear by Hallelujah spile is de besetting fan it korps gâns wizige. Mar der binne noch genôch muzikanten dy't har mar al te goed kinnen ha. Jitske siet op de foarste rige by de soloklarinetten en soarge derfoar dat har partij der altiten goed yn siet.

 


Alles waard oan ‘e kant setten foar it korps. Har plichtsgefoel wie grut want, sa stelde Jitske; "Dy man (dirigint van der Wal) komt moandeis foar my omdat ik graach spylje wol. Dan moat ik der ek wêze".
Jitske foarme in team by de klarinetten mei Annelies van Asperen, Dirkje Oostenveld en Adriaan Mellema en fansels har broer Jan Simon. Se sochten elkoar troch de wike ek op om meielkoar te spyljen. Ek waard yn dizze perioade (1990-1993) dielnommen oan solistenkonkoersen en der waarden earste prizen mei lof helle. Dirkje hat in protte mei Jitske spile en kin har ferstjerren amperoan befetsje. "Jitske wie sûndermis fan ús fjouweren de bêste klarinettiste. Lykwols die se dat yn alle beskiedenheid sûnder harsels foaroan te setten. It besef is grut no't se har bern, Noa, Marije en Jesse nea opgroeien sjen sil. Wat sille dy bern harren mem misse. Se sitte yn deselde leeftiid as dy fan ús. It is dochs net te fernearjen datst as heit op sa'n wize allinne efter bliuwst mei trije bern."
It wie ek wol bysûnder. Alle fjouwer bern fan Siemen en Griet spilen by Hallelujah. Stik foar stik sa muzikaal as wat. Jitske en Jan-Siemon op ‘e klarinet, Paulien op ‘e hobo en Tseard op ‘e trombone. Se waarden meastentiids brocht en helle troch mem, earst op tongersdei nei it jeugdkorps, letter op moandei nei it grutte korps. Siemen en Griet ha wat mei de bern fan Houw nei Makkum ride moatten. Mar net allinne nei it korps. Der kamen ek skoalfeesten en soksoarte saken by. De repetysjes fan Hallelujah wienen yn de Stopera efter de bibletheek. In prachtich plakje foar Hallelujah midden yn it doarp. Griet stiek net ûnder stuollen en banken dat se it geflean ek wolris sêd wie. As Hallelujah foar in konsert of konkoers siet en der wienen ekstra repetysjes, seagen wy it swurk alwer driuwen. En ja hear, doe kaam in kear it hege wurd der út. "Sjirk, as jimme dy bern ha wolle dan helje en bringe jim se sels mar". It siet Griet eefkes heech. Mar it is noait safier kommen. De oare wyks waarden de bern wer gewoan troch heit of mem brocht en helle.
Op it nijjierskonsert fan Hallelujah yn 1992 soarge Jitske foar it hichtepunt fan de jûn. It konsert stie bleat oan krityk. Benammen it konkoersstik "Ouverture foar an imaginary play" foel by it publyk hielendal ferkeard. Fierstente dreech. Mar Jitske har solo joech dy jûns gâns ferromming by de tahearders. Op ymposante wize spile sy it bekende "Adagio" út it klarinetkonsert foar klarinet en orkest fan Mozart. Jitske makke mei dy solo sa'n yndruk by it publyk dat dy al gau de oare stikken ferjitten wienen. Ik ha begrepen dat se dit letter noch folle faker spile hat.
It Nijjierskonsert op 14 jannewaris 1995 stie yn it ramt fan it 100 jierrich bestean fan Hallelujah. Rients Gratama presentearde it konsert en Jitske spile dy jûns op ‘e nij in solo. Yn it programmaboekje wurdt hjir spesjaal oandacht foar frege. "Klarinettiste Jitske Brouwer, a.s. vrijdag wordt zij 19 jaar, speelt vanavond met begeleiding van het harmonieorkest het werk "Variazioni" van de Italiaanse operacomponist G. Rossinni. Jitske was 8 jaar toen zij begon met klarinetlessen te volgen aan de muziekschool te Bolsward. Al snel kwam ze in het harmonieorkest van "Hallelujah" terecht op de solopartij. Naast de V.W.O studie in Sneek, bleef zij ook aan de muziekschool studeren en behaalde vervolgens de 4 diploma's voor klarinet. Twee jaar is zij lid geweest van het "Fries Jeugd Harmonieorkest". Ondanks het feit dat zij nu bezig is met haar eerste jaar als studente aan de Landbouw Universiteit te Wageningen, blijft muziek haar grootste hobby". Nei ôfrin it orkest waard Jitske troch Rients Gratama nei foaren helle en krige sy de blommen as tank foar de solo.
Doe't Jitske âlder waard koe se noch wolris út ‘e bân springe. Mei it konkoers op Skiermuontseach bleaunen we in nacht oer op in kampearbuorkerij. It wie grut feest want we hienen in earste priis helle. Mar doe't we wat letter op ‘e jûn noch eefkes it doarp yn woenen die bliken dat bern ûnder de 12 jier net yn in bar-dancing mochten. En wy hienen Tseard by ús. Tseard wie al 12 jier mar hie de pech dat er wat oan ‘e lytse kant wie. Dêrom leaude de útsmiter by de doar ús net en lytse Tseard mocht der net yn. Sjoch, en dan bemuoit Jitske har der mei want do moast net oan har famylje komme. "Kom mei, rôp se, we ferbouwe de boel". It is der fansels net fan kommen want sa siet se hielendal net yn elkoar. We binne letter mar mei ús allen nei in oar kroechje tasetten. Oer dit ynsidint is de oare deis fuortendaliks in ferske makke wat we noch lang songen ha by Hallelujah.
Jitske bleau ek nei har ôfskie by Hallelujah spyljen op har klarinet. At se mei Kryst en Nijjier thús wie kaam se as tahearder by it Nijjierskonsert. Ien kear hat se dirigint Nynke Jaarsma frege at se noch in kear meispylje mocht op it Nijjierskonsert. Se hie der sa'n sin en koe ek noch in pear kear mei repeteare. At se earste, twadde of tredde klarinet spile makke har neat út. Wer't Nynke har mar noadich hie. Fansels koe Jitske meispylje en wy wienen bliid dat se wer eefkes by de ploech wie. En Jitske? ....dy pakte de kâns mei beide hannen en krige it ferieningsgefoel fan eartiids wer eefkes werom. Se siet op har âlde plakje tusken de soloklarinettisten as wie se nea fuort west.
De tiid dat Jitske by Hallelujah spile hat in bysûndere tiid west mei muzikale hichtepunten op konkoersen en konserten. Jitske liet Hallelujah net los en ûnderhold de kontakten at se mar heal yn ‘e gelegenheid wie. Ien kear bin ik har tsjinkommen op fakânsje yn it bûtenlân. Kleare tafal. Fansels hienen we eefkes in praatsje oer it korps en at se noch klarinet spile. Jitske koestere it klarinet spyljen. Se hold belangstelling foar Hallelujah wer't se as famke begûn is te blazen. Der hat altiten in bân west tusken har en Hallelujah en miskien hat dy wol grutter west as we ea beseft ha.
Sjirk (Makkum 7 juny 2011)
Laatst aangepast op dinsdag, 04 oktober 2011 09:44